Ferset tsjin útsetting

09 okt 2004 - 11:13

Makkum en omkriten komt yn ferset tsjin it skieden útsetten fan in Joegoslavysk gesin. It giet om heit en mem Kadic mei twa bern fan 9 en 3 jier âld.

De famylje dy't sûnt 1999 yn Nederlân is, wurdt út inoar helle. Dat is net neffens de tasizzing dy't minister Verdonk dien hat om gjin gesinnen te skieden. Yn de gemeente Wûnseradiel is dêrom in grut protest op poaten set. Hast 1300 hantekenings binne freed oanbean oan de boargemaster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)