Cambuur wint fan Jong Ajax

09 okt 2004 - 00:00

Cambuur oefene freedtejûn yn eigen stadion tsjin Jong Ajax. Dat koe om't de kompetysjewedstriid tsjin VVV útsteld wie nei 18 oktober. De Ljouwerters wûnen mei 4-2 fan 'e Amsterdammers. Nei in lange perioade kaam Cambuur wer ris oan skoaren ta.

Dominique van Dijk naam trije fan 'e fjouwer doelpunten fan Cambuur foar syn rekken. De oare Cambuurgoal wie fan Bronkhorst. Ajax hie seis spilers fan 'e A-seleksje ynset yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)