Aksje tsjin frachtweindiefstal

© Omrop Fryslân
Diefstal en fernieling wurdt foar transportbedriuwen in hieltyd grutter probleem. Frachtweinen wurden leechrôve of sels stellen. Wie dat eartiids benammen yn it bûtenlan, de lêste tiid is it ek faak yn Fryslân raak.
Lanlik krijt de helte fan alle transportbedriuwen besite fan dieven. Bransj-organisaasjes en it kabinet komme no mei maatregels om dat hurd oan te pakken. Der komme ekstra befeilige parkearplakken en in nij alarmsysteem.