Mais noch net fan it lân

08 okt 2004 - 17:40
Foto: Omrop Fryslân

De mais komt dizze hjerst mar dreech fan it lân ôf troch it wiete waar. Guon leanbedriuwen binne noch mar healwei mei de klus, wylst de mais der ferline jier om dizze tiid hinne al ôf wie.

Sa komt it dat masjines dy 't oars kwalik ynset wurde, no op it lân binne, lykas rupsfoertugen. Guon masjines wurde ynset om materieel dat fêst komt te sitten los te drukken. De sitewaasje liket op dy fan wiete hjerst fan 1998.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)