Bysûndere foto-eksposysje Talant

© Omrop Fryslân
By Talant op it Hearrenfean is tongersdei in bysûndere foto-útstalling iepene. It giet om foto's fan fyftich ferstanlik handikapten, dy't in kursus hân hawwe fan in fotograaf. Oanlutend ha se mei fuortsmytkamera's foto's makke.
Se ha oan de slach west mei ûnderwerpen as it deistich libben, sport en natuer. In sjuery hat de fiif bêste foto's selektearre en dy wurde fertoand op de World Press Photo-ekspoysje yn Grins.