Eask fan 3 jier tsjin notaris

08 okt 2004 - 11:18

Foar de rjochtbank yn Ljouwert is tongersdei trije jier sel easke tsjin notaris Van Wolde fan Wolvegea. De man moast foarkomme omdat er mear as in miljoen euro fertsjustere hat yn de tiid dat er notaris wie.

De man wie gokferslave en joech it jild foaral út op de Drafbaan yn Wolvegea. Ek waard easke dat de man ferplichte ûnder reklassearingstafersjoch komt te stean. Yn dy tiid moat er oan syn fer- slaving wurkje. Utspraak oer 14 dagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)