EK blo-kart op Skylge

© Omrop Fryslân
Op it strân fan Skylge wurdt dit wykein it Europeesk Kampioenskip blo-kart holden. Blo-karts binne karkes dy't troch de wyn oandreaun wurde. De sport ûntstie trije jier lyn yn Nij-Seelân.
Yn 2003 waard in NK yn de sport holden, dit jier ek in Belgysk Kampioenskip. Dy beide kampioenskippen krije no in ferfolch op Skylge. De organisaasje ferwachtet in 60 dielnimmers by it EK. Op Flylân wurdt dit wykein it lêste ûnderdiel fan it NK wynsurfen holden.