Piter Jelles: doch mei oan tocht

© Omrop Fryslân
Skoallemienskip Piter Jelles Montessori hat alle learlingen oproppen om tongersdeitejûn mei te rinnen yn 'e stille tocht foar Manuel Fetter. Neffens de skoallieding geane 400 learlingen fan 'e skoalle geregeld op stap yn 'e Ljouwerter binnenstêd.
Neffens boargemaster Dales is Ljouwert net ûnfeilich, mar in soad learlingen fine de stêd wol ûnfeilich. Guon fan harren geane dêrom bewust yn groepen op stap.