Gjin rekord formaasjespringen

© Omrop Fryslân
De fleanbasis Ljouwert is tongersdei en freed it dekor foar it Nederlânsk rekord formaasjespringen. Dat slagge tongersdei noch net. 78 parasjute- springers dogge mei om it âlde rekord út 1999 te ferbetterjen. Doe waard boppe Texel mei 72 minsken sprongen.
Ynearsten soene hûndert parasjutisten meidwaan, mar dat slagge net fanwege problemen mei de twadde Hercules. De 32-jierrige Leo Meerema fan 'e Jouwer wie de iennichste Fries dy't meidie.