DS wolle Farsk stypje

© Omrop Fryslân
Ynternettydskrift Farsk moat struktureel subsydzje fan de provinsje krije. Dat wolle alteast Deputearre Steaten. De plannen moatte noch troch Provinsjale Steaten goedkard wurde. As it trochgiet, soe it foar it earst yn Nederlân wêze dat in oerheid in literêr ynternettydskrift stipet.
De stipe foar De Moanne en Styl wurdt opnij besjoen. De Moanne hat te min abonnees. De Afûk moat no mei in nij tydskrifteplan komme.