Noordned freget stipe Steaten

07 okt 2004 - 13:18
Foto: Omrop Fryslân

Sjauffeurs fan Noordned besochten woansdei nochris de steateleden te oertsjûgjen dat de besunigings de deastek wêze sille foar it iepenbier ferfier yn Fryslân. Sy kamen man- machtich nei it Provinsjehûs om har sprekkers op de harksitting te stypjen.

Noordned moat neist de 1,5 miljoen euro dy't se minder krije fan de provinsje ek sels nochris 1 miljoen besunigje. Dêrtroch sille 60 sjauffeurs har baan kwytreitsje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)