Kontrôle op ôffalcontainers

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei mei de gemeente Wûnseradiel in tsiental ôffalcontainers fan bedriuwen kontrolearre. Mei-elkoar waard by njoggen bedriuwen yn de containers sjoen.
In bedriuw yn Makkum hat proses-ferbaal krigen om't der tl-buizen tusken it smoargens fûn waarden. Yn Parregea gie in bedriuw op 'e bon om't der neist tl- buizen, twa oaljefilters, in printer en in autoradio yn de containers fûn waard.