Ried lit Nynke Eringa gewurde
De gemeenteried fan Ljouwert lit B en W net falle oer trouamtner Nynke Eringa dy't wegeret homostellen te trouwen. Dat hat fraksjefoarsitter Amerins Dikken fan de PvdA woansdei sein.
It kolleezje liet foarige wike witte dat Nynke Eringa-Boomgaardt oant 2015 oanbliuwe moat. Boargemaster en wet- hâlders sjogge gjin juridyske mooglik- heden fan Eringa ôf te kommen. De ried wol lykwols dat de grifformearde amtner 1 jannewaris 2005 fuortgiet.
Trefwurden:
argyf