Wolvegeaster Miss Fryslân

© Omrop Fryslân
De 17-jierrige Anna Marie Hendriks fan Wolvegea is de nije Miss Fryslân. Sy hat lang ljocht hier, blauwe eagen en is 1,78 meter lang. Oerdei sit se op it VWO en jûns jout se aerobics-lessen.
Foar de grap skreau de takomstich studinte genêskunde har yn foar de missferkiezing Nederlân. Nei foarrondes waarden yn Turkije de provinsjale missen ferkeazen en helle Anna Marie de titel Miss Fryslân. Snein is de finale foar Miss Nederlân yn Hilversum.