Ynfallen foar berneporno

© Omrop Fryslân
De plysje hat op fyftjin plakken yn Fryslân ynfallen dien foar berneporno. Dat wie yn Ljouwert, Harns, Boalsert, Easterwâlde en fierder yn 'e gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Boarnsterhim, Menameradiel, Skarsterlân en Smellingerlân.
Op alle adressen binne kompjûters, fotokamera's, cd's en dvd's yn beslach nommen. De fertochten hawwe in proses- ferbaal krigen. Yn hiel Nederlân binne 170 ynfallen dien.