Projekt regiotaksy stiet faai
It projekt mei de regiotaksy yn Achtkarspelen, Dantumadiel en Dongeradiel hâldt nei alle gedachten op. Fryslân krijt it kommende jier tsien prosint minder jild foar iepenbier ferfier en kin dêrom de regiotaksy net mear betelje.
De regiotaksy is in oanfolling op it normale iepenbier ferfier. Foar maksimaal seis euro kinne minsken fan doar nei doar of gewoan nei it stasjon brocht wurde.
Trefwurden:
argyf