'CDA-moasje gjin stoer wurdich'

© Omrop Fryslân
De moasje dy't de CDA-Twadde Keamerfraksje yn 'e Twadde Keamear yntsjinje sil om it Noarden finansjeel yn 'e mjitte te kommen is gjin stoer wurdich. Dat sei Tineke Huizinga fan 'e Christenunie moandei yn Frjentsjer.
It Noarden rekket yn 2006 de ryksstipe fan 60 miljoen jiers kwyt. It CDA wol mei de moasje in part fan dat jild oerein hâlde, mar omdat der yn 'e moasje gjin bedragen neamd wurde sil dit neat úthelje, sa mient Huizinga.