Besunigings by Hearrenfean

04 okt 2004 - 17:06

By de gemeente Hearrenfean ferdwine fyftjin arbeidsplakken. Dat bart fia natuerlik ferrin. De gemeente moat 600.000 euro besunigje op it amtlik apparaat, sa makke wethâlder Kaastra moandei buorkundich by de presintaasje fan de begrutting oant 2008.

In tekoart is foarkommen troch jild te brûken dat ornearre wie foar it swimbad en de skoallemienskip. De hal fan it gemeentehûs wurdt ferboud, foar effisjintere serviceferliening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)