Goudlyster op Skiermûntseach
Fûgelringers fan it ringstasjon op Skiermûntseach hawwe moandeitemoarn in goudlyster ringe. De goudlyster is in seldsume fûgel dy't yn de omkriten fan it Oeral-gebergte en Siberië briedt.
De fûgel oerwinteret gewoanwei yn Súdeast-Azie. Foar West-Europa giet it om in bysundere fûgel. De goudlyster is oant no ta fjirtjin kear yn Nederlân sinjalearre.
Trefwurden:
argyf