Hearrenfean wint muoisum fan ADO

© Omrop Fryslân
Tanksij in goal fan 'e Grykse pinchhitter Samaras yn 'e njoggentichste minút wûn Sportclub Hearrenfean snein muoisum mei 1-0 fan Ado Den Haach. Hearrenfean begûn min oan de wedstriid. Der waarden in soad duels ferlern en der waarden ek kânsen mist.
Trainer Gertjan Verbeek wie min te sprekken oer it spul fan syn tiim. It moast foar de helsdoarren weikomme yn it Abe Lenstrastadion, sa sei er.