Haskerland moat ferhúzje

04 okt 2004 - 13:33

Grafysk bedriuw Haskerland op 'e Jouwer ferhuzet nei Apeldoorn. Haskerland is trije jier lyn oernommen troch de Ega Groep út Apeldoorn. Dy hat no besluten it bedriuw dêrhinne te ferhúzjen, om't it finansjeel min giet mei Haskerland. Sa wurdt besunige op de húsfesting.

Der wurkje njoggen man by Haskerland. Mooglik krije sy harren reiskosten fergoede. Ek wol Ega meihelpe mei it sykjen nei in hûs yn de omkriten. Der falle gjin twongen ûntslaggen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)