Huzeprizen wer 5,5 % omheech

© Omrop Fryslân
De huzeprizen yn Fryslân geane op it heden folle hurder omheech as yn it westen. Yn it tredde fearnsjier fan 2004 waard in hûs yn Fryslân yn trochsneed 5,5 persint djoerder. Yn Noard-Hollân wie dat mar 1,8 persint.
Fryslân is oantreklik foar huzekeapers omdat de prizen hjir noch in ein ûnder it lanlik gemiddelde lizze. Sa kostet in hûs yn Wassenaar yn trochsneed 400.000 euro; yn Ljouwert is de trochsneed priis 133.000 euro.