Kerst Wind wint survivalrun

© Omrop Fryslân
Kerst Wind fan Ychtenbrêge wûn snein de Bikkel Survivalrun yn Ljouwert. De survivalrun bestiet út mear as tsien kilometer drave mei 36 ferskate hindernissen. De race giet yn de Griene Stjer dwers oer en troch it wetter. Sa geane de dielnimmers ek troch de dûker ûnder de autodyk Ljouwert - Hurdegaryp.
By de froulju wûn Sylvie Klein Goldewijk út Zieuwent. De bêste Friezinne wie Ytsje van der Burg út Hijum.