Súksesfolle banemerk yn Snits

© Omrop Fryslân
De lanlike banemerk fan ôfrûne sneon wie ek yn Fryslân in grut súkses. Yn Snits luts de banemerk mear as tûzen minsken en dat wiene der twahûndert mear as ferline jier. De minsken koene in kar meitsje út mear as 300 fakatueres en ek dat tal nimt ta.
Neffens direkteur Lijzinga fan it CWI kin dat betsjutte dat it djipste punt yn 'e resesje foarby is. Ek binne der neffens it CWI noch in soad fakatueres dy't net yn 'e bakken steane.