ONS ûnderút tsjin ACV

© Omrop Fryslân
Haadklasser ONS fan Snits spile sneon in minne wedstriid tsjin ACV út Assen. De ploech dy't de ôfrûne wiken sa goed yn foarm wie, like it fuotbaljen wol ferleard. Yn 'e twadde helte skoarde Martin Bloem twa kear foar ACV. ONS hat hast de hele wedstriid gjin kâns hân. De ploech spile mei te min fjoer en oertsjoeging.
Harkemase Boys ferlear ek. De útwedstriid by DOS Kampen gie mei 3-2 ferlern.