Plysje hâldt alkoholkontrôles

© Omrop Fryslân
Sawol by Grou as yn Ljouwert hat de plysje Fryslân yn 'e nacht fan sneon op snein in grutte alkoholkontrôle hâlden. Meiinoar waarden 437 auto's steane hâlden. Der waarden mar trije bestjoerders fûn mei tefolle drank op.
Ien hie safolle dronken dat it rydbewiis ynnommen waard. De drankriders kinne allegearre in boete ferwachtsje. De kontrôles waarden útfierd troch twa tiims fan meiinoar acht minsken.