Winst Westenbroek yn Wijster

03 okt 2004 - 12:58

Hurdrinster Joke Westenbroek fan Steggerda hat sneon yn Wijster de Otterberg-Blinkerdrin oer 10 kilometer wûn. It parkoers gie twa kear oer de VAM-berch, dy't mei mear as fjirtich meter it heechste punt fan Drinte is.

Westenbroek lei de tsien kilometer ôf yn 44 miinuten en 38 tellen. Maartje van der Wal fan Nijmegen waard twadde op 56 tellen. It tredde plak wie foar Heleen Oterdoom fan Donderen. Sy finishte op 58 tellen fan de winneres.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)