Protte Friezen op Museumplein

03 okt 2004 - 12:21

De treinen wiene fol, mar der wiene ek in soad Friezen dy't betiid fuortgiene en sûnder problemen op it Museumplein yn Amsterdam kamen. De fakbûnen holden rekken mei 100.000 aksjefierders, mar dat waarden der mear as 200.000. De bûnen binne út 'e skroeven oer dy opkomst en wolle dêrom trochgean mei aksjefieren.

De aksjes foar de kommende wiken binne foaral rjochte op de soarch, de bou, de metaal en it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)