Treinen fol mei demonstranten

© Omrop Fryslân
Hûnderten demonstranten koene net mear mei de trein nei Amsterdam. De treinen sieten grôtfol. Minsken woene massaal mei it fergese treinkaartsje fan de fakbûnen nei de demonstraasje tsjin it kabinetsbelied op it Museumplein.
Al yn Ljouwert wiene de treinen mear as fol. Op de oare stasjons lykas It Hearrenfean en Wolvegea koe der net ien mear by. Ek yn oare provinsjes wie it byld itselde. De demonstraasje begûn om 12.00 oere.