Takomst Oerol foar 4 jier wis

02 okt 2004 - 17:09

De takomst fan Oerol op Skylge is foar de kommende fjouwer jier wis. Dat hat it bestjoer fan de stichting Terschellings Oerol festival bekend makke. Subsydzjetakenning troch it ryk foar de kommende jierren hat dêr foar soarge.

Op Prinsjesdei hat de steatssekretaris fan kultuer oankundige dat Oerol tûzen euro ekstra krijt. Alles byelkoar komt de subsydzje fan de ryksoerheid foar it festival op 328 tûzen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)