Gouden Kalf foar Alexander

© Omrop Fryslân
Regisseur en tekstskriuwer Mischa_Alexander, dy´t ek de Fryske film Sportman fan de Ieu regissearret, hat in Gouden Kalf krigen foar it senario fan ´e film Ellis in Glamourland nei in idee fan Linda_de_Mol.
Alexander hat ek foar de Fryske film it senario skreaun. De film fertelt it ferhaal fan ´e pealsitter Teake, dy´t kieze moat tusken in wrâldrekord of syn grutte leafde. De opnames foar de film begjinne yn novimber.