Ferlies sealfuotballers It Fean

02 okt 2004 - 13:59

De sealfuotballers fan Hearrenfean koene sneon wer net de earste thússege boeke. Der waard mei mar leafst 0-5 fan Veerhuys ferlern. Dat wie in flattearde oerwinning, al wiene de gasten folle gefaarliker mei flugge counters.

De Feansters wiene nei ôfrin min te sprekken oer de arbitraazje. Dy soe faak tsjin de Feansters fluite hawwe. Ek oer de eigen supporters wiene klachten. De measten stiene mei in pilske achter it glês yn de kantine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)