'Pak yllegale eurokotters oan'

© Omrop Fryslân
Dongeradiel trúnt der by minister Veerman op oan om garnalekotters mei tefolle fermogen oan te pakken. Garnalekotters meie in motor fan heechút 300 pk hawwe, mar guonts ha wol 700. Dy 'eurokotters' krije fiif jier de tiid om it fermogen oan te passen. Mar de grutte skippen fange ek mear en soargje foar ûnearlike konkurrinsje.
De garnalefloat yn 'e regio bestiet út lytsere kotters. De sektor soarget foar 350 banen.