Skoalbern besette stedhûs

© Omrop Fryslân
It stedhûs yn Frjentsjer is freed beset troch skoalbern. Se binne lilk oer de minne húsfesting fan 'e skoallen yn de gemeente Frjentsjerteradiel. De lokalen binne sa min dat better les wurde jûn kin it stedhûs.
Alle 22 skoallen hawwe mei-elkoar de Underwiis Koalysje Frjentsjerteradiel oprjochte. De gemeente krijt 1,6 miljoen euro yn it jier foar skoalgebouwen, mar dat jild jouwe se oan oare saken út, sa is de krityk.