Bejaarde dames op fleanbasis
Soarchsintrum Skilhiem yn Stiens liet freed winsken fan 80-plussers yn ferfolling gean. Yn it ramt fan 'e 'Nasjonale Dei fan de Aldere' krigen twa 94-jierrige froulju in rûnlieding op de fleanbasis.
De froulju beseagen in F16 yn in hangar en se wiene by in SAR-helikopter. Se mochten net mei de loft yn. Dat doarde de Luchtmacht fanwege de âldens fan 'e beide froulju net rjocht oan.
Trefwurden:
argyf