Nijpels begrypt Liemburg net

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels begrypt net wêrom't boargemaster Liemburg sa lilk is op de provinsje. It provinsjale rapport oer de gearwurking fan gemeenten is skreaun op basis fan stikken fan dy gemeenten sels. It is bedoeld 'as hânrikking foar ferbettering'.
Nijpels sei dat by de offisjele iepening fan it nije gemeentehûs fan Eaststellingwerf. De nijbou wie in soad om te dwaan, mar de kosten binne goed yn 'e gaten hâlden.