Parlemintêre enkête sweeftrein

01 okt 2004 - 16:20
Foto: Omrop Fryslân

Der moat in parlemintêre enkête komme oer it Suderseespoar. Dat fynt D66 yn de Twadde Keamer. De partij wol sa foarkomme dat de rappe ferbining tusken Skiphol en Grins krekt sa'n fiasko wurdt as de Betuwelijn.

De fraksje hat it gefoel dat de ferskate belanghawwers, lykas de stjoergroep en de Noardlike provinsjes, harren yngroeven hawwe. Se soene blyn wêze foar foar alternativen foar de magneetsweefbaan.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)