Mooglik staking by Caparis

01 okt 2004 - 15:49

By sosjaal wurkplak Caparis yn Drachten driigje stakings. Dat hat it fakbûn yn in brief oan it bestjoer oankundige. De bûnen wolle prate oer in nije CAO.

Wurkjouwers lykas Caparis falle ûnder de gemeente, mar dy hawwe amper jild foar dy CAO. Reden is dat se minder jild krije fan it Ryk. As dat sa bliuwt, liket de CAO fan 'e bûnen der net te kommen. De fakbûnen wolle dêroer oerlizze mei de Feriening Nederlânske Gemeenten (VNG).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)