Sweeftrein foarkomt brain drain

01 okt 2004 - 15:36

De sweeftrein foarkomt dat jonge, goed oplate Friezen massaal nei de Rânestêd lûke. Dat sei ekonoom Oosterhaven fan 'e Ryksuniversiteit Grins tongersdei op in FNP-gearkomste yn Ljouwert. Hy neamde it in spookferhaal dat Fryslân nei de komst fan 'e sweeftrein oerstjalpe wurdt troch kloften Rânestêdelingen.

Oosterhaven fynt dat de nije spoarline mei it foarkommen fan 'brain drain' krekt goed is foar de Fryske ekonomy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)