Net genôch demonstraasjetreinen

© Omrop Fryslân
De fakbûnen binne benaud dat sneon net genôch treinen ride fan it Noarden nei Amsterdam. Dêr is in grutte demonstraasje tsjin it kabinetsbelied. Nei ferwachting gean ek in soad Friezen mei. Leden fan it fakbûn hawwe in fergees treinkaartsje tastjoerd krige.
De NS set ekstra treinen yn en fierders ride de reguliere treinen mei mear treinstellen. Ek mear tsjinsten en dy langere treinen kinne wolris net genôch wêze, sa ferwachtsje de bûnen.