Skoanmem fertochte hat warskôge

© Omrop Fryslân
De skoanfamylje fan de fertochte fan de moard op Manuel Fetter hat de plysje in skoft lang geregeld warskôge foar syn gewelddiedige gedrach. Dat seit de mem fan de eks-freondinne fan de fertochte Hassan.
Dy warskôgings wiene lykwols om 'e nocht. De eks-freondinne fan Hassan hat in skoftlang ûnderdûkt sitten yn de rânestêd om't se benaud foar him wie. Pas no't Hassan fêst sit doart se wer nei Ljouwert te kommen.