Wurk farrûte De Zwemmer klear

30 sep 2004 - 17:05

It wurk oan de farrûte De Zwemmer, dy't rint tusken de Burgumermar en de Dokkumer Nije Silen is klear. In jier lang is de farwei útbaggere, binne de kaden ophege en is der wurke oan bettere wettersportfoarsjennings.

It projekt hat hast acht miljoen euro koste. Ferskate partijen ha deryn gearwurke, lykas it wetterskip Fryslân, Steatsboskbehear en de gemeenten dêr't de Zwemmer trochhinne rint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)