Undersyk nei 'trochlisplakken'
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en it MCL yn Ljouwert ha in soad pasjinten dy't lêst ha fan 'trochlisplakken'. It Algemeen Dagblad hat dêr ûndersyk nei dien. De 2 Fryske sikehuzen steane wat trochliswûnen oangiet yn de top 3.
Dit stiet yn skril kontrast mei in oar Frysk sikehûs: it Antoniussikehûs yn Snits. Sy ha neffens it ûndersyk de minste pasjinten mei trochlisplakken. De plakken ûntsteane troch te lang op deselde wize op bêd te lizzen.
Trefwurden:
argyf