171 nije huzen yn Stiens

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwerteradiel sil foar 2007 171 nije wenten bouwe yn Stiens. De wenten komme op fjouwer lokaasjes: de Lege Hearewei, de Burmaniawei, de Aldlânsdyk en it âlde ranzjearterrein fan de NS.
Fan de 171 wenten binne in grut part bedoeld as hierwenten. It oare part is reservearre foar net al te djoere keaphuzen. It jild komt út de saneamde knelpuntepot fan de gemeente Ljouwert. Ljouwert hat gjin rûmte foar de bou.