Dales: 'Mear kameratafersjoch'

30 sep 2004 - 12:27

It gemeentebestjoer fan Ljouwert wol dat it sintrum fan de stêd feiliger makke wurdt, mei mear kamera's en mear kontrôle op wapens. Dat seit boargemaster Dales nei oanlieding fan de dea fan Manuel Fetter (32). Hy waard ferline wike freed deastutsen.

De fertochten binne bekenden fan de plysje. Se hearre by in groep manlju dy't ferline jier yn de binnenstêd in pistoal leechsketten tusken it stappend publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)