Bentex yn swier waar

30 sep 2004 - 10:10

It kleankonsern Bentex fan De Lemmer sit yn finansjeel swier waar. In oername twa jier ferlyn troch de Denim Holding, hat net goed útpakt en it bedriuw hat muoite om wurknimmers en leveransiers te beteljen.

Op it stuit binne wol ûnderhannelings mei in eventuele oernamepartner oan de gong. Sa'n oername soe in fallissemint foarkomme kinne. Bentex hat 57 filialen, benammen yn Fryslân, Grinslân, Oerisel en Gelderlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)