Senioarefestival Surhústerfean

© Omrop Fryslân
De senioare-orkesten en -koaren moatte subsydzje krije fan de provinsje. Dat fynt it kristlik bûn fan muzykferienings yn Fryslân. Yn oare provinsjes lykas Grinslân en Drinte krije sokke ferienings wol jild, mar hjir moatte se harsels rêde.
Sa'n 500 senioaren kamen woansdei by inoar yn Surhústerfean foar it Noardlik Senioarefestival. Dêrby gong it net om punten, lykas by in konkoers. De muzyk stie op it festival sintraal.