Sykaksje nei ferdronken jonkje

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitejûn yn de Boalserterfeart by Harns oan it sykjen west nei in fermist jonkje. Earder op 'e dei waard it lichem fan in oar berntsje fûn, in jonkje (5) fan Somalyske ôfkomst. Hy wie ferdronken yn de feart. Fan de âlden hearde de plysje dat er mei it oare jonkje (5) fan Koerdyske ôfkomst oan it boartsjen wie.
De plysje tinkt dat it Koerdyske jonkje ek ferdronken is. Der wurdt net tocht oan in misdriuw.