Sneon ekstra lange treinen

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Noordned set sneontemoarn en sneontemiddei ekstra lange treinen yn, fanwege de fakbûnsdemonstraasje yn Amsterdam. It giet om treinen dy't út Ljouwert en Grins komme en dy't om likernôch 08.00 oere yn Amsterdam oankomme.
Oan de ein fan de middei ride der ek wer ekstra lange treinen werom. De NS set ek mear materieel yn fanwege de demonstraasje. Ut Ljouwert wei giet in ekstra trein om 08.00 oere.