Spits Jan Bruin blessearre

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert moat it de kommende wiken sûnder Jan Bruin dwaan. De 34-jierrige spits hat in blessuere ûnder de foet. Yn it sikenhûs is der gips omhinne dien en dat moat der foarearst twa wike sitten bliuwe.
De blessuere is in domper foar Cambuur, want de ploech komt dit jier dreech ta skoaren. Yn de sân kompetysjeduels oan't no ta skoarden se mar trije kear. Boppedat is kollega-spits Thijs Houwing ek net ynsetber fanwege in blessuere.